Sneon 6 augustus wie de kneuzenpartij. Der waard keatst yn 2 klassen en mei grutte sêfte bal, dus d’r wy in soad tuskenspul! Wat geweldich wie om te sjen. Yn beide klassen wiene d’r 4 parturen. Dus eltsenien koe 3x keatse. It waar wy perfect en it fjild lei d’r kreas by! Om 15:00 oere barste de striid los. Dit jier hiene wie ek in keninginne kneus priis. Dizze is gien nei Esther Procee, se hie noch nea keatst mar se stie d’r mar wol even! Nei de tyd wy DJ Joost d’r om de hjoene ôf te sluten, wy ha in prachtig feest hân iene kantine.
Tank oan alle frijwilligers dy ús holpen ha!
Sponsor fan dizze wedstryd wie Slagerij Menno Hoekstra út Eanjum. Tige tank!
Útslach
Kneuzen:
1e Johan Jansma, Daniëlle Visser en Annet Visser
2e Christiaan v/d Kooi, Jelly v/d Kooi en Klarinda Kuiper
Superkneuzen
1e Johannes Koree, Klaas Johan Koree en Nynke de Vries
2e Eline Koree, Dirk Jan Visser en Gerald Boersma