Eanjumer jeugd docht it goed by de federaasje

Alle wiken binne der leden fan KV Klaas Thomas te federaasje keatsen en pakke der ek geregeld in priis. Ôfrûne woansdei keatsten de jongere jeugd yn Nijewier. Ek hjir foelen in oantal leden fan ús yn de prizen.

Anne Elle wûn tegearre my Fenna Koster de 1e priis by de pupillenfamkes.

Jelle Rosier wûn de 1e priis yn’e herkoansingsronde tegearre mei sien maat Marwin Boonstra by de pupillenjongens

Mayke Rosier wûn mei Tessa Wouda de 2e priis by de welpenfamkes. En Lieke Haaima pakte de 3e priis by de welpenfamkes mei Renske de Jong.

Geert Johan Kuipers wûn freed de KNKB kabouterwedstryd yn Stiens mei sien maat Sytze de Vries.

Super! Gefeliciteerd!