Sneon 9 july binne foar KV Klaas Thomas, Jan Visser, Jelle Visser en Jan Pieter Hovinga ôfreizge nei it CFK doarp Tsjom.
It gie om it Nederlânsk kampioenskip yn de 50+ Kategory dus der stie seker wat op it spul.
1e, 2e, 3e omloop waarden mei ymposant spul wûn. Yn de earste omloop wûn Eanjum fan Easterein mei 0-5 2-6. Yn de twadde omloop wûn de mannen fan Bitgum mei 5-2 6-0. Ek de tredde omloop waard wûn. Dit fan it partoer fan Goaïingea mei 3-5 2-6.
Spitigernôch is it Klaas Thomas skip strân yn de heale finale. Eanjum moast belies jan tsjin St. Jabik. 4-5 4-6. Mar dit levere wol in prachtige tredde priis op!
Ús keatsferiening is wer flink op de kaart set troch dit NK weardich partoer.
En wa wit kinne wy dizze wedstryd takom seizoen yn Eanjum op de keatsaginda sette.
En wêr strânt it skip dan?
Wa wit yn Lyts Mokum mar dan giet it dak der wol ôf!
Jan, Jelle en Jan Pieter lokwinske mei dizze priis!