Ledenpartij jeugd 17 juny

Freed 17 juny hiene wy een ledenpartij foar de jeugd. In protte opgave dus in moai fjild fol bern! Prachtich om te sjen.

By de kabouters waard d‘r keatst yn in A en B poule. Yn de A poule wie d’r 1 partoer dy alle omlopen won hie en dus terjocht mei de krâns nei hûs gongen. Yn de B poule wie ‘t spannend. Der wie ek 1 partoer dy alle omlopen won hie. Foar de 2e priis wy it spannend. Alle 3 partoeren hien 14 earsten foar. Dus moasten wy sjen nei de tsjin earsten. It ferskil mei de nûmer 3 wie 1 earst.

By de welpen moast d’r 3 omlopen keatst wurre en wurden de earsten telt. Moai om te sjen dat d’r kabouters ek al de oanslúting meitsje kinne!

By de pupillen wie it spannend. Alle partoeren hien in kear verlen. Dus it gie om de earsten. Merwin, Wietse en Amerins pakten oan t ein de measte earsten en gien mei de krâns nei hûs.

Sponsor fan dizze wedstryd wie Wijma en Koree Metselaars, tige tank hjirfoar!

Kabouters A poule:
1e Lilly-Ann Zijlstra en Annalisa Hofman
2e Niek Sipma en Aleena Hofman

Kabouters B poule:
1e Jente Wiersma en Anne-Rixt Rosier
2e Jorrit Stiemsma en Fedde Hilhorst

Welpen:
1e Marah Haaima, Mayke Rosier en Jacob Durk Dijkstra
2e Silke Jada Wiersma, Alina Dijkstra en Teije Sijtsma

Pupillen:
1e Merwin Koree, Wietse Swart en Amerins Gjaltema
2e Mathijs Dijkstra, Mark Walsma en Ilse Dijkstra

Skoallejeugd:
1e Marten Jan Koree en Anna Geke Dijkstra