Ja wier, Sip Jaap wint yn Wier

Vr 9 juli 2010 :


Us beste keatser op dit stuit, Sip Jaap Bos hat ôfrûne woansdei syn earste krans yn de earste klas wun. Mei Hans Wassenaar fan Tzummarum en Marten van der Leest fan Dronryp wie hy de sterkste ut in list fan 12 partoer.

Dit is fansels in geweldige opstekker sa krekt foar de wichtichste keatsmoanne fan it seizoen. Foar Sip is it fansels prachtich dat hy wer in stapke heger op de ljedder fan it keatsbûn is kaam te stean. Wa wit wer `t dit eindigje sil. Ik doar it hast net te sizzen mar ik, en in protte minsken mei my, hoopje op de fiifde woansdei yn july.

Sip Jaap in hiele protte succes foar de kommende swiere, spannende en beslissende wiken.